KNKB welpenjonges A en B, 29 augustus 2010

Buienradar meldde it hiele wykein al dat it gâns in toer wurde soe dizze lêste welpen wedstriid troch gean te litten. Mar we doarden it oan. We binne sels begûn mei hiel ridlik waar, mei sa no en dan it sintsje d’r efkes bij. Dit soe net sa bliuwe, om 11 oere hiene we in beste bui. Dochs waard nei in 20 minuten skûljen besletten troch te gean. Dit hat in goed bislút west. We koenen it net de hiele middei droech hâlde mar de grutste buien gongen om ús hinne.

De klupskiedsrjochters Theo Kuipers, Oebele Anema en Sjirk de Groot hâlden de gang d’r goed yn. Mei help fan 14 perken, eigen karmasters, âlden en foaral de keatsers wienen we om healwei trije oere út. 8 partoeren yn de A klasse keatsen yn 2 poules els trije kear Yn de B klasse 20 partoeren mei ôffalronde Utslach welpen jonges A 1e priis Menno Galema Tjerkwerd en Wessel Hilverda Winsum 2e priis Bote Groen Wergea en Teake Hofman Dronryp 3e priis Jens Visser Oosterbierum en Lars Onrust Makkum Utslach welpen jonges B 1e priis Pieter Jan Leijenaar Exmorra en Paul Dijkstra Beetgumermolen 2e priis Gjalt Sjirk de Groot Mantgum en Markus Heeringa Reduzum 3e priis Jamo de Vries Dronrijp en Durk Hoogma Baard Ferliezers welpen jonges B 1e priis Feike Douwe Zijlstra Folsgare en Germ Jan Dotinga Sibrandabuorren 2e priis Jamo Wijtsma Jirnsum en Jasper Harmen Jager Dronrijp 3e priis Jelle Terpstra Mantgum en Rutger Fopma Mantgum Jennie Terpstra wûn yn Hitzum yn de A-klasse mei Sjanet Wijnia út Wommels de 2e priis bij de KNKB pupillen. Dit wie de lêste wedstriid dy’t telde foar it KNKB puntenklassemint. Jennie eindigt as 1e jiers pupil as 4e yn dit klassemint, in hiel moaie prestaasje.

Geplaatst op 29 August 2010